Ga naar zoekveld

Jou ús in dream, o Hear

Jou us in dream, o Hear, jou us in dream. Nachtskaad falt grijs en near, oer us feal bestean. Rook fan de leeljeblom, jou us de dream werom. Jou us in dream, o Hear, jou us wer in dream. Lit us net falle, Hear, yn ‘t swarte gat, blyn foar it kâld regear en syn kil komplot, trochbrek it izich mom, jou us de dream werom. Jou us in dream, o Hear, jou us wer in dream. Lit us net swalkje, Hear, troch woestenij. Wij binn’ gjin slaven mear, wêrom dan net frij. Oerâlde fjoerkolom, jou us de dream werom. Jou us in dream, o Hear, jou us wer in dream.